Wurk oan gemeentetún Waadhoeke nei moannen wer oppakt

19 aug 2020 - 07:19

Lang om let wurdt woansdei it wurk oan de gemeentetún fan Waadhoeke wer oppakt. De nije ynrjochting fan de tún om it gemeentehûs yn Frjentsjer hinne sette yn febrewaris útein. It hie nochal wat fuotten yn 'e ierde, om't alles net neffens plan ferrûn.

Foto: Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude

Nei't yn febrewaris de earste beammen fuorthelle wiene, soe yn april úteinsetten wurde mei de grûnwurksumens. Dy koene doe lykwols net trochgean fanwegen de drûchte.

Dêrneist bliek dat it troch de ried fêststelde ûntwerpplan net detaillearre genôch wie. Sa wie net eksakt dúdlik wêr't kabels en liedingen leine. De detailútwurking fan it plan naam dêrnei mear tiid yn beslach as ferwachte.

It bestellen fan it grien wie net altyd mooglik troch ûnder oare de coronakrisis. Ek moat it grien yn de goede tiid fan it jier plante wurde. "It is in bysûnder proses, mar wichtichst op dit momint is dat we los kinne en dat it oan de ein fan it jier ynrjochte is sa't we foar eagen hiene", seit wethâlder Jan Dijkstra.

"Stikel yn 'e foet"

"We wolle it gebiet om it gemeentehûs hinne moai ynrjochtsje, sadat it gebou wat útstrieling krijt", leit de wethâlder út. "Troch it lange ferrin fan it proses duorret dat fiersten te lang en dat is my in stikel yn 'e foet, dus we moatte oan de gong!"

It is benammen it Dreeslaantje dat by it gemeentehûs del rint dat oanpakt wurdt. "We wolle ek ús eigen lânskip werombringe yn dy tún. Foaral yn it grien wurdt in hiel soad dien, sadat der bioferskaat ûntstiet. Der komt bygelyks ek in bijehotel en in edukatyf paad. It Dreeslaantje hat dêr in wichtige rol yn."

It wurk moat foar desimber klear wêze. It Dreeslaantje is ûnder de wurksumens ôfsletten.

Wethâlder Jan Dijkstra oer de gemeentetún

(Advertinsje)
(Advertinsje)