Soad fraach nei hûnen yn coronatiid; hannel yn puppen nimt ta

19 aug 2020 - 06:29

De fraach nei hûnen is sûnt de coronatiid flink tanaam, om't minsken hieltyd mear thús wurkje en de tiid trochkomme wolle mei in maatsje. Mar hoe moat dat aanst as it thúswurkjen wer ta in ein komt? "Ik heb mensen geweigerd die een hond wilden", seit Charlotte Fiets. Har hûn Beau krige seis wiken lyn leafst njoggen puppen dy't se no ferkeapet. "Omdat ze zelf al aangaven dat ze geen tijd meer zouden hebben als ze weer naar het werk gaan."

NOCH eltsenien wol in hûn

De keamer by de famylje Fiets is foar efkes yn in oaze fan gelok feroare. Yn in grize bak lizze njoggen lytse puppen fredich te sliepen. "Ze zijn zo schattig hè", begjint Charlotte har ferhaal wylst se ien fan de bistjes nei bûten tilt. "Voordat we überhaupt iemand hadden verteld dat onze hond zwanger was, kregen we al mensen aan de deur die een puppy wilden hebben."

Charlotte fernimt dat de coronatiid in grutte rol spilet yn de oerwaging fan minsken om in hûn te nimmen. Sy hat mei meardere minsken sprutsen dy't sizze no mear tiid om hannen te hawwen. "Maar die tijd blijf je niet houden."

Charlotte frege minsken dêrom oft se nei corona noch altyd tiid hawwe soene. "Enkelen gaven eerlijk toe dat ze niet eeuwig thuis blijven werken. Dus die hebben de hond ook niet gekregen, want dat past dan niet."

Charlotte Fiets en har puppen - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Charlotte Fiets en de njoggen puppen

Troch de gruttere fraach nei puppen is it ek drok by de pupkursus. De hannel yn de bistjes nimt sadwaande ek ta. Der wurde hieltyd gruttere bedraggen frege. "Ik hoor inderdaad dat er ineens hoge bedragen worden gevraagd voor kruisingen", seit Yvonne Vermeegen. Sy is puptrainer by KC Fryslân yn Ljouwert. Dêr hawwe se sûnt de coronatiid in protte drokte. Gewoanwei hawwe se yn boufak amper les, mar dit jier wie dat trije kear de wike.

Krusings

Der binne seis fjilden op de klup, dêr't hûnen út alle leeftiden les krije. "Voor een hond met een stamboom betaal je natuurlijk altijd wel iets meer, maar je hebt nu ook kruisingen die ineens heel duur zijn. Die komen ergens in een schuur achteraf tot leven omdat een broodfokker er snel geld mee wil verdienen."

Dat is neffens Yvonne wat fan alle tiden. "Maar die kans is nog groter nu die run op de honden er is", seit se wylst se in hûn oer in brechje rinne lit. "Denk er dus om dat je die absoluut niet koopt."

Yvonne Vermeegen op de puptraining - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Gjin goede match

It falt Yvonne ek op dat der hieltyd mear minsken komme dy't net in soad ynformaasje oer it hâlden fan in hûn hawwe. Se krije yn it begjin dan ek in protte oer har hinne. "Soms leggen we ook uit dat iets geen goede match is. Als je bijvoorbeeld in een flat woont en je neemt een hele grote hond, dan is dat niet handig", seit Yvonne.

By de kursus wize sy minsken dan ek op de gefaren fan in hûn. "Ze zien er als puppy schattig uit, maar als ze eenmaal groter zijn, moet je ze wel onderhouden. Weet dus waar je aan begint!", laket Yvonne wylst se in pup in brokje jout.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de pupkursus

Trefwurden: 
hûn pup coronafirus puppen
(Advertinsje)
(Advertinsje)