Eaststellingwerf lost bestjoerskrisis net yn ien dei op en praat woansdeitejûn fierder

18 aug 2020 - 23:15

In foarstel foar in ekstra, fjirde wethâlder waard tiisdei fûl bediskusjearre troch de gemeenteried fan Eaststellingwerf. De fraksjes fan de VVD, WijLokaal, StellingwerfPlus en Ter Heide wolle it sittende kolleezje fan CDA, PvdA en Ooststellingwerfs Belang in 'breder draachflak' jaan troch it taheakjen fan in ekstra wethâlder. It kolleezje wurdt op dit stuit noch mar troch 8 fan de 21 riedsleden stipe, trochdat de ôfrûne tiid by it Ooststellingwerfs Belang twa riedsleden út de fraksje stapten.

Ekstra gearkomste fan de Ried fan Eaststellingwerf oer de bestjoerskrisis yn de gemeente - Foto: Omrop Fryslân

Fraksjefoarsitter Dongstra fan Ooststellingwerfs Belang wie tiisdei 'niet enthousiast' oer it foarstel foar in ekstra wethâlder. It CDA sjocht ek gjin needsaak foar in ekstra wethâlder. "De oppositie heeft het nu ook al voor het zeggen in deze gemeente. De wethouders moeten zorgen voor een meerderheid voor hun voorstellen." Fraksjefoarsitter Herman Zwart sjocht noch mear neidielen. "Wethâlders binne net goedkeap en we moatte goed om de sinten tinke yn dizze gemeente."

Betûfte krêft

"Wij pleiten voor het toevoegen van een ervaren kracht met een goede politieke antenne", seit VVD-fraksjelieder Sierd van Weperen. "Het liefst snel. Het hoeft geen VVD'er te zijn, wat mij betreft wordt het een FNP'er, als het maar een goede wethouder is."

Trochgean mei in kolleezje dat mar troch 8 fan de 21 riedsleden stipe fynt Van Weperen 'te fragiel'. Eaststellingwerf is bestjoerlik kwetsber, omdat de ried fan 21 mar leafst 11 fraksjes hat. In situaasje dy't hy omskriuwt as 'in kroade mei kikkerts'. "Ooststellingwerf is een beetje Smallingerland in het klein, maar ik kies niet voor de oplossing van een volledig nieuw zakenkabinet. Dat is veel te kostbaar. De zittende wethouders hoeven ook niet weg, maar er moet wel eentje bij."

Sierd van Weperen fan de VVD Eaststellingwerf

It ferhaal fan de opposysje wie tiisdei net sterker, trochdat de opposysje net mei ien, mar wol mei trije útinoarrinnende foarstellen kamen om it bestjoer te fersterkjen. GrienLinks pleite yn in eigen moasje foar it oanlûken fan in ûnôfhinklik polityk adviseur, dy't mei in foarstel komme moat om it bestjoer te fersterkjen.

Neffens koälysjepartij CDA kinne de sittende wethâlders Bos (CDA), Verhagen (OWB) en Hylkema (PvdA) wol trochgean as 'kleurleaze' wethâlders, dy't har tenei mear opstelle as in sakekabinet sûnder politike kleur.

Mear ynformaasje

De ChristenUnie fynt dat it kolleezje mear ynformaasje diele moat mei alle politike partijen. Dat soe barre moatte op aparte gearkomsten ûnder lieding fan in ûnôfhinklik foarsitter, sa stelde fraksjefoarsitter Leistra foar.

"De gemeente is gebaat bij voortzetting van het huidige college, maar dan wel met een vertegenwoordiger van de partijen die nu niet vertegenwoordigd zijn", seit fraksjefoarsitter Slager fan WijLokaal. "Onze motie voorziet in het direct aanpakken van de huidige situatie. Het is een uitgestoken hand."

It gemeentehûs fan Eaststellingwerf yn Easterwâlde - Foto: Omrop Fryslân

Herman Zwart fan it CDA yn Eaststellingwerf

Besluten foelen der tiisdeitejûn net. Op foarstel fan boargemaster Harry Oosterman waard besletten om de gearkomste woansdeitejûn trochgean te litten. "De energie lekt weg. Dan moet je geen zwaarwegende besluiten te nemen. Elf uur is voor mij een harde grens. Pak de extra dag om goed met elkaar te overleggen", sa sei de boargemaster.

Boargemaster Harry Oosterman

(Advertinsje)
(Advertinsje)