SKS ferpleatst jubileumwedstriden nei 2021 fanwegen oplibbing coronafirus

19 aug 2020 - 07:39

It bestjoer fan de SKS hat besletten de jubileumwedstriden en resepsje, dy't pland stiene foar it wykein fan 12 en 13 septimber, te ferpleatsen nei 2021. It bestjoer docht dit fanwegen de oplibbing fan it coronafirus yn Fryslân en de maatregels dy't dêrby hearre. "It is bysûnder skande dat we dit ferfelende beslút no nimme moasten", seit SKS-foarsitter René Nagelhout.

Foto: Omrop Fryslan

"Der hat de ôfrûne wiken in soad oerlis west mei de ferskate ynstânsjes. Geandewei waard de situaasje hieltyd minder", leit Nagelhout út. It bestjoer seit dat se skippers en bemanning, mar ek de famyljes op folchskippen net yn in situaasje bringe wolle wêryn't in risiko rûn wurde kin. Datselde jildt foar de taskôgers oan de wâl. "We hawwe oerwage it ta ien dei of sels ien wedstriid te beheinen, mar it liedt altyd ta it by elkoar bringen fan minsken."

"Wy binne gjin plysje"

"As je sizze dat je der gjin publyk by ha wolle, moatte je dêrop tasjen. Wy hawwe der fertrouwen yn dat minsken net komme as wy dêrom freegje, mar hoe gean je dermei om as der dochs in oantal komt. Wy binne gjin plysje fansels", leit Nagelhout út. "Je nimme dan in grutte ferantwurdlikens op je. We wolle net dat der in besmetting fuortkomt út dat wykein."

Nagelhout seit út te sjen nei de tiid dat alles wer normalisearre is. "Ik hoopje dat dat hiel gau komt, mar ik hâld myn hert fêst." De reaksjes fan de skippers binne oant no ta begrypfol, neffens Nagelhout. "Hja fynt it in wiis beslút."

Veiligheidsregio

Wim Kleinhuis, direkteur fan de Veiligheidsregio Fryslân, stiet efter it beslút fan de SKS. "De maatregelen die in heel Nederland gelden zijn er niet voor niets; we willen voorkomen dat het coronavirus zich verder verspreidt. We zijn blij dat het bestuur van de SKS haar maatschappelijke verantwoordelijkheid heel serieus neemt", seit Kleinhuis.

SKS-foarsitter René Nagelhout

(Advertinsje)
(Advertinsje)