Rutte yn parsekonferinsje: gjin feestjes, maksimaal seis gasten yn 'e hûs
Premier Rutte hat tiisdeitejûn yn in parsekonferinsje it driuwende advys jûn om thús gjin feestjes mear te jaan en maksimaal seis gasten yn 'e hûs te litten. It kabinet komt ta dit advys om't it tal besmettingen en opnamen yn it sikehûs de lêste tiid bot oprûn is. De besmettingen soene foaral yn 'e hûs by famyljegearkomsten en jierdeisfeestjes plakhawwe.
"Het is geen hogere wiskunde, binnen afzienbare tijd zijn we terug bij af. Terug bij overbelaste zorg, terug bij een land op slot, terug daar waar we niet willen zijn. Het economische scenario bij een tweede golf willen we niet meemaken", sei Rutte yn de parsekonferinsje.
Rutte sei fierder dat it advys om thús te wurkjen stean bliuwt. Ek nei 1 septimber.
Karantêne
It kabinet kundige ek ien ferromming oan. De karantêneperioade giet werom fan fjirtjin dagen nei tsien dagen. Neffens it kabinet soe dizze maatregel hast gjin effekt ha op it tal besmettingen, mar is it ekonomysk in grutte ferljochting.