Auto fljocht yn 'e brân by knooppunt It Hearrenfean

18 aug 2020 - 18:47

In auto is by knooppunt It Hearrenfean fan de dyk rekke en yn 'e brân flein. De oprit fan de A32 nei de A7 rjochting De Jouwer is dêrtroch op it stuit ôfsletten. It ferkear moat rekken hâlde mei fertraging.

Foto: CAMJO media

Ambulânsepersoniel en de brânwacht binne teplak om help te ferlienen. In traumahelikopter is ek oproppen. Der is in slachtoffer út de auto helle. It is net bekend hoe't dy persoan der oan ta is en oft der mear minsken yn de auto sieten.

De brânwacht hie de brân gau ûnder kontrôle. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)