Hoareka wer wekker nei corona-útbraken: "We ha in tik op de fingers hân"

De hoareka yn Fryslân is wekker skodde troch de resinte útbraken fan it coronafirus yn Dokkum en op Skylge. Der wurdt wer mear stilstien by it hanthavenjen fan de regels, want de skrik sit der goed yn by de hoarekaûndernimmers. Ien besmetting fan in wurknimmer of in klant kin grutte gefolgen ha. "Langzaam maar zeker slaat de angst steeds meer toe", seit Baukje de Vries fan Paddy O'Ryan.
Hoareka wer wekker nei Corona útbraak
"Het komt steeds dichterbij, het was een ver-van-je-bedshow, waardoor het ook wat nonchalance opriep. Je merkt nu omdat je geconfronteerd wordt met bedrijven die dichtgaan, ondernemers die je kent, waarvan je weet dat ze alle mogelijke voorschriften goed bij de hand nemen en toch dicht moeten. Dan wordt het wel steeds enger. En het idee dat als wij bij een tweede golf dicht zouden moeten. Ik denk dat dan voor de horeca echt de doodsteek is", seit De Vries.
Baukje de Vries fan Paddy O'Ryan
Ek Sjoerd Bosgra fan It Posthûs yn Burdaard fernimt dat de minsken alerter binne as earst. "Earst wiene se wat nonsjalanter en allegearre wat makliker. We besykje it wat te stjoeren mei in glim. Minsken binne wol goedwillich, as der wat ferkeard giet dogge se it net mei opsetsin. Dat ha wy ek wol yn de gaten", seit Bosgra.
"Doe't it seizoen op gong kaam, waard it wat frijer en losser. No ha we wer even in tik op de fingers hân. Even 'pas op de plaats', want aanst sitte we wer yn in lockdown en dat wolle we net. Dus eins is it wol noflik dat we even in tik op de fingers hân ha", seit Bosgra.
Sjoerd Bosgra fan It Posthûs yn Burdaard
Sjoerd Bosgra fan It Posthûs Burdaard © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
By Proefverlof yn Ljouwert witte se presys hoe't it is as ien fan it personiel besmet rekket. "Yn it begjin ha der in soad annulearringen west. Ek wol minsken dy't in oare reden seinen, mar wy hiene wol troch dat it fanwegen corona wie. Mar der binne ek minsken dy't seinen jim ha it goed en transparant oplost en we fiele ús hjir krekt sa feilich as by de buorlju", sa seit Willem Schaafsma, ien fan de eigeners fan Proefverlof.
"It is dit jier wol in 'pech'-jier. Klap op klap op klap. We sette sels de skouders derûnder, mar it kost wol serieus jild. Dêr moast as ûndernimmer oerhinne stappe. Alle hoarekasaken moatte dit jier oerlibje. We bliuwe posityf", sa seit Schaafsma. "We hoopje dat 2021 wol wer in normaal jier wurdt. Ik tink dat we dat allegearre hoopje."
Willem Schaafsma fan Proefverlof en Eindeloos © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Willem Schaafsma fan Proefverlof