Spuitbussefabryk Motip Dupli wjersprekt eksploazjegefaar foar Ried fan Steat

It spuitbussefabryk fan Motip Dupli yn Wolvegea docht genôch oan de feilichheidsfoarskriften. Dat sei de advokaat fan it fabryk tiisdei by de Ried fan Steat. De Ynspeksje Sosjale Saken en Wurkgelegenheid fynt dat der eksploazjegefaar is by Motip Dupli. It bedriuw wie dêrom nei de Ried fan Steat stapt.
© Google Street View
De ynspeksje kaam der by in bedriuwskontrôle achter dat elektryske ynstallaasjes lykas wandkontaktdoazen en plafondferljochting net eksploazjefeilich útfierd binne. Yn de kleurmakkerij hingje dampen dy't by in lyts fonkje al in flinke ûntploffing feroarsaakje kinne.
Neffens de advokaat fan it bedriuw is dêr in deteksjesysteem foar, dat de dampkonsintraasjes mjit. As dat oer de noarm komt, giet de stroom derôf. Mar neffens nije noarmen fan it ryk is dat systeem net goed genôch. De Ried fan Steat bûcht him no oer it skeel en docht der ynkoarten útspraak oer.