Hoe sjocht in goede Fryske flagge derút?

18 aug 2020 - 16:57

De Fryske flagge is foar in soad Friezen in wichtich symboal. Omrop Fryslân ropt Friezen om utens no op om foto's mei in Fryske flagge op 'e online kaart te setten. Mei as doel: in eigen emoji fan de Fryske flagge op 'e smartphone te krijen.

Mar hoe sjocht in goede Fryske flagge derút? Dêroer fertelt flaggesaakkundige Eesger Toering yn it radioprogramma De Middei fan Fryslân:

Yn de studio by Diana de Groot hingje en lizze wat Fryske flaggen, grut en lyts. Toering sjocht direkt al dat se net allegear doge. "De ynham fan de boppekant fan it pompeblêd is fierstente smel, net goed genôch. Mar ik ha se ek wol slimmer sjoen."

Wichtich is yn elk gefal dat de banen fan linksboppen nei rjochtsûnder rinne. It binne trije wite banen, fjouwer blauwe banen en sân pompeblêden. Dat komt út âlde heraldyk. "Flaggen binne echt fan de lêste 100 of 150 jier, dêrfoar wiene it skylden en wapens", seit Toering. "Op hiel âlde flaggen sjochst ek wolris njoggen of alve pompeblêden. De bêste ferklearring dat it der sân binne, is omdat dat stiet foar 'in soad'." Dat is itselde as it tal gebieten dy't eartiids Fryslân foarmen.

(advertinsje)
(advertinsje)