Liander lit strjitlampen oerdeis mei opsetsin brâne yn syktocht nei âlde skeakelkastkes

Netbehearder Liander freget minsken om it troch te jaan as se oerdeis sjogge dat earne de strjitferljochting brânt, want dat betsjut dat dy ferljochting noch wurket fia âlde skeakelkastkes. Liander hat de ôfrûne tiid dy âlde kastkes ferfongen, omdat der in nij systeem kaam is. Dat kin de strjitferljochting mear fleksibel bestjoere. Mar it bedriuw hat net alle âlde skeakelkasten goed yn byld en wol se dêrom de kommende moannen opspoare.
Liander oan it wurk © Omrop Fryslân, Aise van Beets
"We hebben gister meer dan dertig meldingen gekregen. en vandaag ook nog een aantal. Dus er is werk aan de winkel voor onze monteurs", fertelt wurdfierder Jelle Wils fan Liander.
Mar wat binne no de foardielen fan de nije kastkes? "Die digitale kastjes zijn veel moderner en die bieden per gemeente of zelfs per wijk de straatverlichting te besturen", seit Wils. Dat jout bygelyks de mooglikheid om yn bepaalde wiken de ferljochting langer brâne te litten fanwegen de feiligens yn de wyk.
Minsken dy't sjogge dat by harren yn de strjitte de strjitferljochting noch brânt, kinne dat trochjaan oan de gemeente. "De gemeente geeft dat dan weer netjes door aan Liander en Liander gaat dan die kastjes vervangen", sa seit Wils.
Wurdfierder Jelle Wils fan Liander