Diks en Steegstra assistint-skiedsrjochters yn Europa League-finale

De Fryske assistint-skiedsrjochters Hessel Steegstra fan Snits en Mario Diks fan Ljouwert steane freed lâns de line by de Europa League-finale tusken Sevilla en Internazionale. It is foar it earst dat se in Europeeske finale liede mei skiedsrjochter Danny Makkelie.
Mario Diks, Danny Makkelie en Hessel Steegstra © www.orange-pictures.nl
De wedstriid is freedtejûn yn it stadion fan 1. FC Köln. Njonken Makkelie, Diks en Steegstra moatte ek Jochem Kamphuis en Kevin Blom de wedstriid yn goede banen liede. Sy binne de VAR.
"Dit makket in hiel soad fan dit seizoen goed. It hat yndie (fanwegen corona, red.) in bysûnder jier west. We wiene al bliid dat it Europeesk seizoen noch útspile waard en dat wy dêr in rol yn hienen. Mar dat we it dan noch sa ôfslute meie. Dat is hielendal moai", sa seit Steegstra.
Ofrûne wykein kamen Steegstra en Diks al yn aksje by de kwartfinale yn de Champions League tusken Manchester City en Olympique Lyon (1-3).
Hessel Steegstra