Negatyf swimadvys by Murns om termbaktearje yn it wetter

18 aug 2020 - 11:47

Swimme by it Murnzer Klif by Murns kin better net mear, seit de provinsje Fryslân. Der sitte te folle enterokokken yn it wetter, dat is in termbaktearje. Soks komt net faak foar, seit de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).

Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

De FUMO hat twa kear metten. "As it by ien kear mjitten te folle is, dan kin dat ynsidinteel wêze. Mar no ha we it twa kear metten", seit in meiwurker fan de FUMO. "Dizze baktearje kin foar termklachten soargje. Dat hinget derfan ôf hoe gefoelich oftst hjirfoar bist."

De baktearje sit yn de Iselmar, dus it is wachtsjen oant dat wer fuort is. It is net dúdlik wêr't it weikomt. "Dat kin fan minsken wêze, dy't yn boatsjes sitte bygelyks, mar it kin ek fan bisten wêze. We kinne soks pas sizze as it DNA ûndersocht wurdt, mar dat dogge we no net. Dat dogge we pas as dit der konstant is."

It wetter wurdt opnij ûndersocht. As it fan 'e wike wer skjin is, wurdt it negative swimadvys opheft.

Arjen de Haas fan de FUMO

(advertinsje)
(advertinsje)