Motorrider (65) ferstoarn nei frontale oanriding mei auto

18 aug 2020 - 14:26

Op de Brédyk by Jelsum binne tiisdeitemoarn in motor en in auto frontaal op inoar botst. De motorrider, in 65-jierrige man út de gemeente Ljouwert, is dêrby om it libben kaam. Twa ynsitters (67 en 69 jier, fan Stiens) fan de auto binne nei it sikehûs brocht.

Der waarden trije ambulânses en in traumahelikopter oproppen. De help kaam lykwols te let foar de motorrider. Dy ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Hoe't it ûngelok barre koe, is net bekend. De plysje docht ûndersyk nei de tadracht. De dyk is yn beide rjochtingen ôfsletten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)