Testlokaasje Skylge tiisdei foar it lêst iepen

18 aug 2020 - 10:29

De spesjale coronatestlokaasje op Skylge is tiisdei foar it lêst iepen. Toeristen en eilanners dy't klachten ha dy't mooglik op it coronafirus wize, kinne har sûnder ôfspraak teste litte by it tsjerkegebou yn Midslân.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Woansdei is de spesjale lokaasje net mear iepen. Dan moatte minsken in ôfspraak meitsje by in húsdokter op it eilân. Moandei lieten sa'n 35 minsken har teste.

De teststrjitte waard iepene fanwege in útbraak op de populêre jongereincamping Appelhof yn Formerum. Op syn minst 14 minsken testen posityf op it firus, guon pas nei't se wer thús wienen op it fêstelân.

Trefwurden: 
Skylge coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)