Feilichheidsregio yn petear mei studinteferienings oer yntroduksjewike

18 aug 2020 - 09:25

Alle 25 Feilichheidsregio's yn Nederlân hiene moandeitejûn oerlis oer it tanimmende oantal coronabesmettings yn Nederlân. GGD Fryslân makke moandei bekend dat der wer alve nije besmettings by kaam binne yn ús provinsje. It oerlis gie benammen oer coronakearnen Amsterdam en Rotterdam, mar ek oer de Fryske hotspots Dokkum en Skylge.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Om't der sa'n soad besmettings binne yn Amsterdam en Rotterdam is boarne- en kontaktûndersyk hast net mear te dwaan, fertelt Feilichheidsregio Fryslân-foarsitter Sybrand Buma. "Dat is een hele andere schaal."

Hoewol't de útbraken yn Dokkum en op Skylge tafalle op it lanlike oantal, hat Buma hat de twa situaasjes wol beneamd by it oerlis. "Dokkum is dan veel kleiner dan Amsterdam, maar op zo'n schaal heeft het natuurlijk veel impact op de regio. Terschelling is een eiland: het is geïsoleerd en alleen met de boot bereikbaar. Daarom is dat ook een heel ander verhaal."

Neffens Buma is it wichtich dat der foar eltse regio sjoen wurdt nei wat de situaasje dêr is en hokker maatregels dêr spesifyk nedich binne. "Je moet niet heel Nederland platleggen als het om een kleine regio gaat. Maar het is belangrijk dat we in Nederland beseffen dat het virus bezig is met een opmars en dat we die samen moeten stuiten."

Besmettings yn húslik fermidden

Neffens Buma binne de besmettings no op plakken dêr't se earst net barden. "Zoals vriendengroepen, familiefeestjes en thuis, in plaats van de horeca. Die doet nu heel erg zorgvuldig z'n werk." It is lestich om dêr in oanpak foar te finen, om't der net by minsken thús hanthavene wurde kin. "Je kunt niet zomaar huizen binnenvallen. Er is eigenlijk niet tegenop te handhaven. Maar ik roep mensen wel op om het aantal mensen thuis beperkt te houden."

Foto: Kappers Media

Parsekonferinsje

Tiisdeitejûn om 19.00 oere is der wer in parsekonferinsje mei premier Mark Rutte en minister Hugo de Jonge fan Folkssûnens. Dêrby wurde nei alle gedachten de maatregels foar studinteferienings bekendmakke. "Vorige week heeft een meerderheid in de Tweede Kamer gezegd dat studentenverenigingen net zo moeten worden behandeld als studentensportverenigingen en universiteiten en hogescholen zelf." Dat betsjut dat stúdzjestartwiken net folslein skrast wurde, mar dat der wol in beheinde foarm mooglik is. "Niet het feit dat het een studentenvereniging is, is bepalend voor besmettingsgevaar, maar hoe je het inricht", leit Buma út.

Selde line oanhâlde

Feilichheidsregio Fryslân sil dêrom yn oerlis mei de studinteferieningen yn Fryslân en sjen oft se harren in beheinde yntroduksje tastean kinne. "Dus zonder alcohol en op tijd stoppen. In eerste instantie mochten ze niets, maar dat is veel strenger dan bijvoorbeeld de horeca, waar je op afstand bij elkaar mag komen."

As de yntroduksjes op deselde wize organisearre wurde as de hoareka soe it besmettingsgefaar net grutter wêze moatte. "Laten we voor iedereen dezelfde regels houden. Zo kunnen studenten elkaar wel leren kennen." Dêrneist is de Feilichheidsregio benaud dat as se it net tastean, studinten thús feestjes organisearje, dêr't net te hanthavenjen is. "Ik denk dat dit verstandig is."

Boargemaster en Feilichheidsregio Fryslân-foarsitter Sybrand Buma

(Advertinsje)
(Advertinsje)