Simmerblog: Simmer yn Dokkum

18 aug 2020 - 17:51

Omrop Fryslân is tiisdei de hiele dei yn Dokkum. Yn dit simmerblog in oersjoch fan alle ferhalen.

17:49
Sa

We binne oan de ein fan dit blog yn Dokkum, tank foar it folgjen!

Woansdei binne we op De Gordyk, oant dan!

Besjoch hjir de telefyzje-útstjoering:

17:36
Oar jier Bløf of net

In grut evenemint yn Dokkum dat dit jier net trochgean kin, is de Admiraliteitsdagen. "It fielt wat ûnwennich om hjir te stean", seit Rigtje Monsma fan de organisaasje. "Gewoanwei wiene we dizze dagen begûn mei de opbou, mar spitigernôch dit jier net. It soe dit jier de jubileumedysje wêze, we besteane tsien jier. Bløf stie al hiel lang op de list, dy hie hjir oars wêze sillen. No is it de fraach oft Bløf oar jier komt, dat wol elkenien graach witte. We hoopje dêr fansels wol op, dat soe fantastysk wêze."

Rigtje Monsma fan de Admiraliteitsdagen

17:31
"Sa drok hat it noch noait west"
Pieter Braaksma yn it reuzerêd - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Om wat libben yn Dokkum te hâlden yn tiden fan corona, binne ûndernimmers mei 'De Magie van de Markt' kaam. It doel wie ûnder oare om it publyk wat mear te sprieden oer de stêd. "Doe't corona útbruts, kaam alles stil te lizzen", seit Pieter Braaksma fan de ûndernimmersferiening. "We wiene benaud dat der neat mear barre soe, dus we tochten: hoe lûke we wer minsken nei de stêd? Doe is dit ûntstien: in reuzerêd, in draaimûne, in foksejacht. Allegear aktiviteiten om de stêd yn it ljocht te setten en bedriuwichheid nei de stêd te krijen. Dat is goed slagge. Achternei hie it sa bot miskien net iens hoegd, want sa drok hat it hjir noch noait west."

Pieter Braaksma

16:26
What'sup

It is moai waar en dat kinne je yn Dokkum ûnder oare lekker te suppen. "SUP stiet foar stand-up-pedalling, dus sa giest oer it wetter", seit Jacqueline Visser fan SUP Skool Dokkum. "It is echt in sport, kinst it sjen as kuierje en as drave. Sa yntinsyf kinst it suppen ek dwaan. Hoe smeller it boerd, hoe yntinsiver."

By de supskoalle kinne minsken in boerd hiere, mar ek lessen krije. Esther Leystra: "Dan kinne minsken bygelyks technyk traine. Of yoga op it supboerd, dat kin ek. It jout in soad rêst, want dêrby sitst ek noch middenyn de natuer."

Jacqueline Visser en Esther Leystra fan de supskoalle

14:48
'Leven in de brouwerij'
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Wat is it moai wurk as je der ek wat by drinke kinne. Ferslachjouwer Jantine Stoffers mocht nei brouwerij Bonifatius om bier te priuwen mei Frank van Dijk, eigener fan de brouwerij. "Dokkum heeft ooit negentien brouwerijen gehad, maar 145 jaar geleden is de laatste gestopt. Wij wilden het bier weer terugbrengen naar Dokkum, dus vijf jaar geleden zijn we hier begonnen. We hebben weer leven in de brouwerij gebracht."

Jantine Stoffers oan it bier

14:04
Hockeyklup gau groeid
Marieke van Dijk, sekretaris fan de hockeyklup yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

In jier lyn hie Dokkum noch gjin hockeyklup. No wol en binnen in jier is de klup útgroeid nei hast 150 leden. "Dat is heel veel meer dan we hadden verwacht, maar des te leuker. We hebben nu dertien teams op papier, dat geeft een goed gevoel."

It is wol in soad wurk, seit Van Dijk, mar dat gong frij flot. "Eerst moet je veel informatie inzamelen, statuten maken, en vooral leden werven. Dat laatste ging bijna vanzelf. Mond-tot-mondreclame werkt goed, en we hebben social media veel benut, een mooie website erbij. Dat heeft geholpen."

De hockeyklup spilet noch op it fjild fan Be Quick Dokkum, mar dêr komt feroaring yn, as it de hockeyers oanbelanget. "Nu we 150 leden hebben, is er een noodzaak voor een eigen veld. We zijn ook al in een ver stadium, maar dat is een lang proces met de gemeente erbij. Samen met de korfbalvereniging en het Dockinga College hebben we een plan geschreven. Nu is het wachten op de gemeente."

Marijke van Dijk fan Hockey Club Dokkum

12:46
Bonifatius is oeral
Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Bonifatius sjochst oeral werom yn Dokkum. En dy kin dus ek net ûntbrekke yn it Dokkumer museum. "De measte minsken dy't hjir komme, ek de toeristen, lizze direkt de link mei dat Bonifatius hjir fermoarde is", seit Sietske Visser fan it museum. "It museum giet ek foar in part oer him. We lizze út wêrom't dy man hjir kaam is en wêrom't de Friezen him fermoarde ha."

Tiidline

It museum hat twa gebouwen. "De minsken begjinne wol altyd mei Bonifatius. Dat dogge we mei sin, want der is echt in dúdlike line troch de tiid. Fierder giet it ek in soad oer de stêd sels, oer sulver- en ierdewurk út Dokkum bygelyks."

Yn de maitiid moast it museum, krekt as safolle gebouwen, ticht fanwege it coronafirus. Dy maatregel waard op 1 juny opheft. "Doe't we yn juny wer iepen mochten, wie it direkt wer hiel drok. Toeristen wiene bliid dat corona hjir net sa spile. Mar no mei dy berjochten oer it firus yn Dokkum is it hjir in stik rêstiger. Miskien komt dat ek trochdat de boufak dien is, dat doar ik net te sizzen."

Sietske Visser fan Museum Dokkum

12:19
Bonifatiuskapel
Peter Sauermann by de Bonifatiuskapel yn Dokkum - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Stoffers

Oan de Bronlaan yn Dokkum stiet de Bonifatiuskapel, in kapel dy't sûnt 1943 alle jierren tûzenen pylgers nei Dokkum lûkt. "Hier staat ook een beeld van Bonifatius, met een boek boven z'n hoofd. Zo moeten zijn laatste minuten eruit hebben gezien", seit behearder Peter Sauermann. "Prinses Beatrix, nog voordat ze koningin werd, heeft dit beeld in 1963 onthuld."

Op it plak fine gewoanwei ek alderhande aktiviteiten plak, bygelyks toanielfoarstellings, konserten en musicals. Tichtby is ek de ferneamde Bonifatiusboarne, wêrfan't it wetter genêskrêftich wêze soe.

Peter Sauermann

10:45
Woarst en tapas

Sûnt 2004 stiet der in gebou fan slachterij Weidenaar yn Dokkum. Dat bedriuw is yn 1927 opset yn Nijewier, flakby Dokkum. It bedriuw leveret fleisprodukten oan supermerken yn hiel Nederlân. "Hjir wurdt alles ynpakt en klearmakke", seit Jouke Jongsma, dy't hast tsien jier by it bedriuw wurket. "Jûn en moarns geane se nei de winkel ta, dan binne se sa farsk mooglik."

Sûnt koartlyn makket it bedriuw ek tapas. "Dêr binne we in jier lyn mei begûn en dat is in ûnferwacht sukses. We moatte de klanten hast tsjinhâlde, want der lizze alwer mear oanfragen."

Jouke Jongsma

10:24
Protte belangrike plakken

Belangryk plak yn Dokkum is de Fetsefontein fan 1712, in wetterpomp mei in liuwebek. "Under de stêd rûn wetter út de Wâlden wei, en dat kaam hjir omheech. Dat koene we moai brûke om bier fan te meitsjen", fertelt Banga. Der komt gjin wetter mear út de fontein, want dy stiet net mear op it âlde plak.

Nije fontein

Der is ek in nije fontein yn de stêd, op De Markt. Dat is in plak yn de stêd dêr't in soad feroare is de lêste tiid. Yn it ramt fan it kulturele haadstêdjier is yn Dokkum de IIsfontein kaam. "Mar yn de simmer kostet it te folle stroom om 'm oan te hâlden, dus yn de winter is er moaier", seit Banga.

Lytsere tsjerke is de grutte tsjerke

In oar ferneamd gebou is de tsjerke, dy't no ek wol de grutte tsjerke hjit, mar sa wie it net altyd. "Der wie noch in gruttere tsjerke: de Bonifatiusabdij, dêr't alle pylgers kamen. Mar de minsken út Dokkum woene sels ek nei de tsjerke, dus dy bouden ek ien. Dat wie doe de lytsere tsjerke, mar nei de reformaasje woe Willem van Oranje dat de grutte tsjerke ôfbrutsen waard. En dus wie doe de lytsere tsjerk de grutste."

Warner Banga oer bier, fonteinen, hannel en tsjerken

10:06
In skarnierpunt yn de regio
Warner Banga - Foto: Omrop Fryslân, Johanna Brinkman

Stedskenner Warner Banga fan Dokkum hat ferslachjouwer Johanna Brinkman meinaam nei De Syl. "Dit is hert fan de stêd, mar it is ek in skarnierpunt tusken Noard en Súd, tusken de Klaai en de Dokkumer Wâlden. Rjochts it sâlte wetter, links it swiete wetter."

Pylgers lutsen hannel oan

De lokaasje is ek de reden dat minsken dêr oait kamen. "Minsken begûnen om hjir in plak te meitsjen, in terp op te werpen. Doe ha we op in gegeven momint dy bêste man deaslein, dan ha we it oer Bonifatius. Doe is der noch in terp makke, ta neitins oan Bonifatius. Dêr is in tsjerke op boud, sa is Dokkum in pylgerstêd wurden. Dat luts hannel oan en fan it ien kaam it oar."

Banga docht syn ferhaal yn it Dokkumers. "It is stedsk, we fine it belangryk dat it fêstlein wurdt. We binne ek dwaande mei in Dokkumer wurdboek. Mar ik hear it de jeugd net sa faak mear praten en dat is skande, want it heart by ús stêd. It heart der echt by, dêr kin ik wol de hiele middei oer prate."

Hollânske elite neibouwe

"Dat hjir stedsk praat wurdt, hat ek te krijen mei de Hollânske elite dy't nei Dokkum kaam. Dat woene we yn Dokkum in bytsje neibouwe, dus we gongen der in bytsje tuskenyn sitten. Sa is it stedsk ûntstien, in kontaktfariëteit neame je dat, tusken it Frysk en it Nederlânsk."

Stedskenner Warner Banga

9:39
Wolkom yn Dokkum
Foto: Omrop Fryslân

Goeiemoarn en wolkom yn dit simmerblog. Simmer yn Fryslân is tiisdei te gast yn Dokkum. Ferslachjouwers Johanna Brinkman en Jantine Stoffers dogge de hiele dei ferslach.

Moandei wie Simmer yn Fryslân yn Balk. Dat kinst hjir neilêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)