Friese Ontwikkelingsmaatschappij komt mei liening foar lytse bedriuwen

18 aug 2020 - 07:14

Fryske mikro- en lytsbedriuwen kinne fan dizze wike ôf in bedrach fan 50.000 oant 250.000 euro liene om de coronakrisis troch te kommen. It saneamde 'Ondernemersimpuls Fryslân' is in inisjatyf fan de Friese Ontwikkelingsmaatschappij (FOM), de provinsje Fryslân en ûndernimmersorganisaasje Ynbusiness.

Foto: Pixabay

In soad bedriuwen hawwe ferlet fan finansiering om de impact fan de coronakrisis te beheinen. In oantal sektoaren en ûndernimmersfoarmen falt lykwols bûten de kritearia fan de besteande finansieringsmooglikheden en spesifike coronaregelingen. "Wy merke dat in protte bedriuwen dreech oan finansiering komme kinne om sûn te bliuwen of om ynvestearrings te dwaan", seit Dennis Carton fan Ynbusiness.

Dêrby giet it bygelyks om de lyts-saaklike tsjinstferliening, de rekreaasje en de hoareka. Sektoaren dy't folop oanwêzich binne yn Fryslân en neffens de FOM ek wichtige oanjagers fan de regionale ekonomy.

Needynstrumint

De FOM, Ynbusiness en de provinsje hawwe harren krêften bondele om wat foar dizze bedriuwen betsjutte te kinnen. Dat hat resultearre yn Ondernemersimpuls Fryslân. Dat jout lieningen fan 50.000 oant 250.000 euro oan ûndernimmingen yn it Fryske mikro- en lytsbedriuw. It is needynstrumint, bedoeld foar alle bedriuwen mei in winsteachmerk dy't, as gefolch fan de coronakrisis, yn finansjele problemen kaam binne.

Sûne ûndernimming

Undernimmings oant 50 meiwurkers, ienmanssaken, fennoatskippen ûnder firma en besletten fennoatskippen kinne oanspraak meitsje op de regeling, mei útsûndering fan de primêr agraryske sektor en de fêstgoedmerk. Betingst is dat in bedriuw oantoane kin dat it foar de coronakrisis in sûne ûndernimming wie en dat ek nei de coronakrisis wer wêze kin.

Ondernemersimpuls Fryslân hat in omfang fan 2 miljoen euro en rint oant 31 desimber 2020. As de regeling in sukses is, kin dy mei 2 miljoen euro útwreide wurde. De liening kin al oanfrege wurde. De FOM is dejinge dy't it jild tawiist en is ferantwurdlik foar de beoardieling fan de oanfraach.

Dennis Carton fan Ynbusiness

(Advertinsje)
(Advertinsje)