Unrêst yn Easternijtsjerk nei coronabesmetting by meiwurker sporttoernoai

18 aug 2020 - 06:31

Der is in soad ûnrêst ûntstien yn Easternijtserk nei't der foarige wike corona fêststeld waard by in kantinemeiwurkster fan VV Ropta Boys. De frou wie op sneon 8 augustus oan it wurk op in sporttoernoai op it kompleks fan de fuotbalklup. It toernoai hie sa'n 50 dielnimmers en luts ek nochris 75 taskôgers. VV Ropta Boys skraste dêrnei fuort alle trainings en wedstriden.

Berjocht op de foardoar fan it doarpshûs yn Easternijtsjerk - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Doe't yn de rin fan 'e wike nei de wedstriid by de kantinemeiwurkster it coronafirus fêststeld waard, is der fuort aksje ûndernaam. Alle aktiviteiten fan Ropta Boys waarden stillein, wêrûnder in rige fuotbalclinics foar de jongerein. Fierder binne doarpshûs De Terp en it jeugdhonk sletten en hawwe ek de keatsferienings fan Nes en Nijewier alles 14 dagen op slot setten.

In tal minsken mei wa't de belutsen meiwurkster de measte kontakten hie, is yn karantêne gien en ferskate minsken ha in test ûndergien. Der binne nei oanlieding dêrfan noch gjin nije besmettings fêststeld.

Jan Age Wijma, foarsitter fan VV Ropta Boys - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De skrik sit der lykwols goed yn, fertelt foarsitter Jan Age Wijma fan VV Ropta Boys. "Wy krije in soad telefoantsjes fan minsken dy't dêrby wiene en dy't har soargen meitsje. De feriening hie by it toernoai allerhande maatregels naam om besmettings foar te kommen. Boppedat moasten alle besikers har registrearje mei namme en telefoannûmer foar in eventueel kontaktûndersyk."

De besmette kantinemeiwurkster en de minsken dy't yn karantêne moasten, meitsje it goed, neffens Wijma. "Se ha kwealik of gjin klachten, dus dat liket goed. En as dat sa bliuwt, hoopje we nije wike moandei mei alles wer los te gean!"

Ferslachjouwer René Koster praat mei foarsitter Jan Age Wijma fan VV Ropta Boys

(Advertinsje)
(Advertinsje)