Vitens lûkt warskôging yn, mar we moatte wol sunich bliuwe mei drinkwetter

17 aug 2020 - 23:00

Wetterbedriuw Vitens hat de warskôging ynlutsen om op te hâlden mei it sproeien fan de tún, it foljen fan swimbadsjes en it waskjen fan de auto. Mar we moatte wol sunich bliuwe mei drinkwetter, seit Vitens.

De tún besproeie - Foto: Shutterstock.com

Ferline wike mei de hjitteweach wiene der sokke hege piken yn it wetterferbrûk dat it wetterbedriuw warskôge dat de druk miskien wol nei ûnderen moatte soe. Uteinlik wie dat net nedich, omdat minsken minder wetter begûnen te ferbrûken. Dat is noch altiten sa.

Neffens Vitens komt dat omdat it minder waarm is, en ek omdat de skoallen yn it Noarden wer begûn binne. De waarmte yn kombinaasje mei in soad rekreaasje yn eigen lân soarge foar de pykbelesting.

(Advertinsje)
(Advertinsje)