Waadferiening en minister Wiebes prate oer klimaatpuzel by kuiertocht op it Waad

17 aug 2020 - 22:36

Gaswinning, sâltwinning en it feroarjend klimaat: dizze saken ha allegearre gefolgen foar de Waadsee. Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken is dêr op oansprutsen troch de Waadferiening, moandei by in wurkbesite oan it Waad. Mei in lyts selskip waard der oer it Waad kuiere.

Minister Wiebes kuiert oer it Waad

De rein falt mei bakken nei ûnderen op in rige parkearre auto's bûten it garnalefabrykje yn Moddergat. It is moandeitemiddei en in lyts oere werom siet dêr de Waadferiening om tafel mei minister Wiebes. Nei it petear rint er mei in lyts selskip oer in drûchfallend, mar wiet Waad op útnûging fan dyselde Waadferiening.

Yn de fierte tongeret it in bytsje. It waarmer wurdende klimaat dêr't Wiebes mei oplossingen foar fine moat, makket it al yngewikkelde dossier om de gas- en sâltwinning op it Waad hinne noch komplekser.

Minister Eric Wiebes ûnderweis mei waadgids en fotograaf Henk Postma by Moddergat - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Je kinne de boaiemdelgong troch mynbou-aktiviteiten net los sjen fan it feroarjende klimaat, sa seit de Waadferiening al jierren. IIskapen rane en úteinlik giet de seespegel omheech. No wurdt der noch genôch sân en slyk ôfset, om wat by leech wetter drûch is op it Waad sa te hâlden. Mar as de wedstriid mei it klimaat ferlern wurdt, gean ek dêr in soad plakken ferlern foar seehûnen en fûgels. Plakken dy't sy nedich hawwe om út te rêsten, te fretten of, yn it gefal fan de fûgels, te brieden.

Er spelen een heleboel dingen die allemaal op een nette manier in één puzzel moeten landen.

Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken

Je soene dêrom de minsklike aktiviteiten yn it Waadgebiet net apart beoardiele moatte foar fergunningen, mar yn ferbân mei elkoar en dat feroarjende klimaat. En dêr wurdt Wiebes op ferge, mar it binne noch net iens alle ûnderdielen fan de puzel op it Waad, sa makket er dúdlik.

"We zullen ook windenergie op zee hebben en dat moet ook allemaal naar land worden gebracht. Er spelen een heleboel dingen die allemaal op een nette manier in één puzzel moeten landen. En daar hebben we het over gehad", seit de minister.

Wiebes sjocht ek dat je net allinnich nei oplossingen foar yndividuele problemen sykje moatte. "We zien allemaal dat er een heleboel dingen samenkomen en dat als je over elk dingetje apart nadenkt, je de puzzel niet zo goed aan het leggen bent. We moeten proberen dat allemaal met elkaar in verband te brengen. Dat je alleen dan op een goede manier voor het Wad zorgt."

Minister Eric Wiebes fan Ekonomyske Saken

In lyts 'coronaproof' selskip mei minister Wiebes makket in kuier oer it Waad by Moddergat - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Oer de praktyske konsekwinsjes is de minister koart. "Het betekent dat je meer waarschijnlijk dan we nu al doen, dingen met elkaar in verband moet brengen. En dat je al die belangen in één bakje moet zien af te wegen. Dat is waar we net over hebben gesproken. En ik heb toegezegd samen met mijn collega's te bespreken hoe we dat nog kunnen verbeteren. We hebben ook afgesproken meer contact te houden, want daar is het net wat te weinig van gekomen."

Tefreden

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening is der wiis mei dat saken mear yn ferbân besjoen wurde. "Dat hy dat erkent, dêr bin ik sowieso al tefreden mei. It is reedlik unyk dat Ekonomyske Saken dat erkent", seit Jacobi, dy't ek wurdearring hat foar de hegere frekwinsje fan oerlis dy't troch de minister tasein is. Neffens har is der ek tasein dat der better sjoen wurdt nei de effekten fan de gaswinning op it Waad by Ternaard.

Direkteur Lutz Jacobi fan de Waadferiening

(Advertinsje)
(Advertinsje)