Fjouwer nominearren foar Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer

Fjouwer projekten yn Fryslân binne nominearre foar de Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer fan 2020. It giet om in restauraasje en nijbou fan in wente yn Aldemardum, RUG Campus Fryslân, Energie Kenniscentrum Ljouwert en de werynrjochting fan it stasjonsgebiet yn Ljouwert.
RUG Campus Fryslân is ien fan de nominearren foar de Vredeman de Vriespriis © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De provinsje wol mei de priis opdrachtjouwers en arsjitekten stimulearje om bysûndere arsjitektoanyske bouwurken yn Fryslân ta stân te bringen en de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje. De priis bestiet út in bedrach fan 5000 euro. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Keunstwurk.
De fjouwer nominearren binne selektearre troch in advyskommisje besteande út Jef Muhren, Karin Peeters, Diana Lautenbag, Annet Ritsema en Peter de Ruyter. Op 9 oktober wurdt de winner bekend makke.