Twa hoarekasaken yn Dokkum en Harns tydlik ticht om corona

Opnij slute twa Fryske hoarekasaken tydlik de doarren, as gefolch fan it coronafirus. It giet om Koffiebar Knus yn Dokkum en Pizzeria Roma yn Harns.
© Shutterstock
De kofjebar yn Dokkum is ticht omdat ien fan de meiwurkers posityf test hat op it coronafirus. Hoewol't der gjin oare wurknimmers besmet binne, wol de saak gjin risiko nimme. De kofjebar folget de advizen fan de GGD oer hoe't it fierder moat. "Wij willen graag onze verantwoordelijkheid nemen en ondanks dat geen van de andere collega's klachten heeft, zijn we gesloten. We volgen de adviezen van de GGD over verder vervolg", skriuwt de hoarekasaak op Facebook.
Pizzeria Roma yn Harns is sletten omdat ien fan de personielsleden siik weromkaam fan fakânsje. Dy is fuort thús yn karantêne gien. Fan de GGD hoegde de saak net ticht, mar de eigener hat dat út foarsoarch foar gasten en personiel dochs dien. Op Facebook dielt de pizzeria mei: "Er is geen reden voor paniek voor onze gasten, de betreffende medewerker zit namelijk al meer dan een week thuis. Laten we er voor zorgen dat het virus zich niet verder verspreidt in en om ons mooie Harlingen."
It is net bekend wannear't de twa hoarekasaken wer iepenje.