Studinte-organisaasjes benaud foar mear útfallers yn earste jier

De Landelijke Studentenvakbond (LSVb) en it Interstedelijk Studenten Overleg (ISO) binne benaud dat der dit jier mear studinten yn it earste jier ôfheakje as oars. Trochdat it ûnderwiis no foar in grut part online is en troch it ûntbrekken fan in folweardige yntroduksje tinke de organisaasjes dat dy útfal groeit. Yn Ljouwert kinne nije studinten meidwaan oan in yntroduksjewike dy't coronaproof is.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Gewoanwei falle al in soad studinten út yn de earste hûndert dagen. Om foar te kommen dat dat no folle mear wurdt, ha de organisaasjes in plan foar hegeskoallen en universiteiten makke ûnder de namme #operatiezachtelanding. Nije studinten moatte bygelyks in bettere begelieding krije.
Belangryk punt út de plannen is dat studinten har mei-inoar ferbûn fiele. "Het is ontzettend belangrijk dat een eerstejaarsstudent met medestudenten in contact komt, om zo sociale cohesie te stimuleren", seit Freya Chiappino, vice-foarsitter fan LSVb. "Dit kan zowel online als fysiek. Daarmee creëer je motivatie en blijven studenten zich op hun plek voelen binnen een instelling."

Rûnliedingen en foarljochtingen

Ek rûnliedingen en foarljochtingen binne wichtich, leit Chiappino út. "Geef aankomende studenten de mogelijkheid om te ontdekken wat er allemaal te doen is in de stad maar ook rondom de onderwijsinstelling. Dit helpt om de verbinding met de stad en de betrokkenheid bij het studeren te vergroten."
Om foar te kommen dat in soad studinten útfalle yn de earste perioade, is it wolwêzen fan studinten en omtinken foar de ûntwikkeling wichtich, seit Dahran Çoba, foarsitter fan it ISO. "Studenten ervaren hoge druk om nominaal af te studeren. Nu is het begin van de studententijd sowieso al spannend, laat staan in een periode van sociale afstand en isolatie. Extra aandacht voor het bespreekbaar maken van deze mentale uitdagingen is daarom van groot belang."