Sjanet Wijnia net nei Frouljus PC: "In weardige PC? Ik fyn absolút fan net"

Keatster Sjanet Wijnia is der dit jier net by op de Frouljus PC. De keninginne fan 2017 en winneres fan de edysjes fan 2018 en 2019 makket nammentlik ek diel út fan it earste follybalteam fan VC Snits. En dy begjinne oer in wike al mei de tarieding op it nije earedifyzje-seizoen. Dat falt neffens de klup, mar ek neffens Wijnia, net te kombinearjen mei de PC, dy't troch it coronafirus pas ein septimber spile wurdt.
Ilse Tuinenga, Sjanet Wijnia en Margriet Bakker (flnr) © Omrop Fryslân
"Ik baal der hiel erch fan, it giet om de PC. Ik bin echt in keatser en ha it al trije kear wûn. Ik woe him hiel graach noch in kear winne, ek foar myn teammaten by it keatsen fansels. Ik baal ûngelooflik, mar ik kin der gewoan echt neat oan dwaan", seit Wijnia. Mar kin se dan net gewoan ien kear keatse? "De measten freegje dat, kinst dochs wol ien kear misse, mar it follybalseizoen begjint nije wike mei de toernoaien en ein septimber binne we al dik oardel moanne dwaande. Je spylje net foar neat yn de earedifyzje, dus it kin gewoan net", sa seit se.
Sjanet Wijnia foarôfgeand oan de keatspartij yn Wommels oer har beslút:
Sjanet Wijnia - earste
Har teammaten Ilse Tuinenga en Margriet Bakker krigen it nijs koartlyn te hearren. "Bale fansels. Je wolle it seizoen mei je maat keatse, wy wolle wol útstriele dat wy dêr komme om te winnen. As dat dan net kin, is dat wol hiel spitich", seit Tuinenga. "Ik bin net lilk, mar ik bin wol teloarsteld dat it sa moat. Net allinne op Sjanet, mar ek op it keatsbûn. De PC hie prima yn augustus kinnen. Dan hâldst ek rekken mei oare sporten en mei oare saken dy't minsken yn harren libben ha."
Ek Wijnia fynt dat it keatsbûn it oars oplosse moatten hie. "Yn prinsipe begjinne de oare sporten no allegearre wer: fuotbal, kuorbal en follybal. En dochs hat it keatsbûn regele dat de Frouljus PC no op 27 septimber is. Ik kin der neat oan dwaan dat ik der net bin. De oare sporten binne dan wer hielendal los. Dan is it logysk dat it dan yn 'e knoop komt", seit Wijnia. "Hie it dan ein augustus dien of hielendal net. No is de fraach: is der aansten wol in weardige PC? Ik fyn absolút fan net."
Sjanet Wijnia hie nei ôfrin fan de partij krityk op de KNKB:
Sjanet Wijnia - twadde
No't Wijnia net meidocht, ha Tuinenga en Bakker op syk west nei in ferfanger. Dy ha se yntusken fûn yn Imke van der Leest.
Sneontemiddei wie dy syktocht noch in stik minder fier: "Der binne net echt weardige ferfangers. We sykje echt in goede spiler en ik tink dat dêr net in soad fan binne." Der wie doe sels noch in reële kâns dat se net meidwaan soene oan de PC. "Miskien is dat ek wol in statement, dat wy it net reëel fine om op dy datum te keatsen. Wy wolle op ús sterkst meidwaan en net om it meidwaan. Dêrfoar binne we der net. Wy dogge mei foar de krâns en ik sjoch dat op ien manier: mei Sjanet", sa seit Tuinenga.
Ilse Tuinenga oer it beslút fan Wijnia en it mooglike 'statement', doe't Imke van der Leest noch net tasein hie:
Ilse Tuinenga