Coronapasjint yn sikehûs Nij Smellinghe - meiwurkers yn thúskarantêne

17 aug 2020 - 12:55

Yn sikehûs Nij Smellinghe is in pasjint posityf testen op corona. De pasjint lei al sûnt 11 augustus yn it sikehûs foar in plande opname, en krige trije dagen letter klachten. Ut in test die bliken dat der sprake wie fan in coronabesmetting. De pasjint leit yn isolaasje en makket it nei omstannichheden goed.

Coronapasjint sikehûs Nij Smellinghe

It sikehûs is úteinset mei in boarne- en kontaktûndersyk ûnder meiwurkers en pasjinten, dêr't de pasjint kontakt mei hân hat. De meiwurkers dy't it betreft, binne foar 14 dagen yn thúskarantêne gong. Ek in oare pasjint dy't tagelyk op deselde keamer lei yn it sikehûs, mar al nei hûs gong wie, moat 14 dagen yn thúsisolaasje.

"Het is complex", seit Carolina van den Akker fan it sikehûs. "We hadden wel verwacht dat er weer nieuwe Covid-patiënten zouden komen, maar het is toch wel even verrassend." Se tinkt net dat it by dit iene gefal bliuwt. "We verwachten een toename, maar we hebben veel geleerd van de afgelopen maanden."

Foto: Omrop Fryslân, Darshan Boerema
(Advertinsje)
(Advertinsje)