Skoalboeken ophelje en kaftsje - ek middelbere skoallen binne wer los

17 aug 2020 - 12:45

In tas fol mei skoalboeken meislepe nei hûs ta: it is tradysjegetrou it begjin fan it nije skoaljier foar in soad learlingen fan middelbere skoallen. Ek by CSG Liudger yn Drachten is it moandei drok mei learlingen dy't harren boeken ophelje.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Twa fan dy learlingen binne de fjirde klassers Ruben Boonstra en Kieran Schraa. Se ha de tas al stampfol mei allerhanne boeken. Fan Ingelske lêsboeken oan Maatschappijleer. Beide binne bliid dat se lang om let wer nei skoalle kinne. Ruben: "Ik vond het thuiswerken ook wel prettig, trouwens. Er werd vanaf het begin goed gecommuniceerd met ons. En we hadden wel gewoon toetsweken op school, dus ik had niets te klagen."

As fanâlds

Kieran sit leaver op skoalle en is dan ek wiis dat alle learlingen wer nei it Liudger kinne. Ek Ruben hie der sin oan. "Het is niet anders dan ik me had voorgesteld. We gaan weer naar school, dus het is weer een beetje als vanouds."

Entûsjasme yn de kofjekeamer

Teamlieder Geert Jan Renkema is ferromme dat alle learlingen wer nei skoalle meie. "Leerlingen hebben een half jaar thuis gezeten. Het is mooi om te zien dat ze weer contact hebben en dat we het jaar normaal van start kunnen gaan. Het is spannend, maar heel goed te organiseren. Collega's hebben er ook enorm veel zin in, merk ik in de koffiekamer."

(Advertinsje)
(Advertinsje)