Camping Appelhof is no offisjeel ticht, moandei wer 35 testen ôfnommen op Skylge

17 aug 2020 - 12:41

Camping Appelhof op Skylge is fan moandei ôf ticht. De 800 jongeren dy't der in wike lyn noch kampearren, ha it terrein allegearre ferlitten. It wie moandei ek de fiifde dei dat minsken har op it eilân teste litte koene. "Er zijn vandaag nog zo'n 35 personen bij de testlocatie geweest", seit Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân. De testlokaasje is yn elk gefal ek tiisdei noch iepen.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Yn totaal binne der no 750 minsken test. Oant no ta binne fjirtjin minsken posityf test. De útslaggen fan snein en moandei binne lykwols noch net bekend.

Dokkum

De fersprieding op Skylge liket dus ta te fallen, wylst Dokkum yntusken in grutte brânkearn wurden is. "Yn Dokkum kijken we tegen een andere situatie aan. Dat zijn vooral jongeren tussen de 18 en 25 jaar. Daar zien we de verspreiding vooral optreden bij kleine feestjes thuis en op de werkvloer", sa seit Hofstra. "We hebben daar ook nu weer een aantal nieuwe gevallen."

Karantêne

Neffens Hofstra hat de grutte fersprieding yn Dokkum ek te krijen mei dat de karantêneregels net goed neilibbe wurde. "Sommige mensen zaten in quarantaine vanwege mogelijk contact met een besmet iemand, vervolgens worden ze negatief getest en zijzelf of de werkgever vinden het dan wel best. Maar de quarantaineperiode is niet voor niets twee weken, je kan het daarna ook nog krijgen."

"Dus ook al ben je een keer negatief getest, als je later klachten krijgt moet je je alsnog laten testen. Dat zien we wel misgaan en dat leidt tot extra risico's", sa seit Hofstra.

Everhard Hofstra fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)