Dochs kameratafersjoch by Ljeppersklup Bûtenpost

17 aug 2020 - 12:19

Der is dochs in kamera pleatst op it terrein fan de Ljeppersklup Bûtenpost. Der waard de ôfrûne tiid nochal wat fernield op it kompleks fan de ljeppers. En der waard ek guod yn it wetter en it sânbêd smiten. Guon fierljeppers rûnen der ferwûnings troch op. Hooplik komt dêr mei it tafersjoch fan Kooi lang om let in ein oan.

Foto: Kooi Security

De fierljepklup koe net in befeiligingskamera ophingje, om't it terrein yn in park leit en de kamera soe dan foar in grut part iepenbier gebiet filmje. Soks mei net yn ferbân mei de privacy wet- en regeljouwing. Kooi hat no in spesjalistyske kamera oanbean. Dy bringt spesifike gebieten yn byld of maskearret se krekt. De gemeente Achtkarspelen hat dêr tastimming foar jûn.

(advertinsje)
(advertinsje)