Miljoeneferlies: corona lit djippe spoaren nei yn Fryske kultuersektor

17 aug 2020 - 20:02

Mear as de helte fan dyn ynkomsten ferlieze, benaud wêze datst dyn teäter slute moatst, eangst om wer oan de slach te gean; de coronakrisis hat in gefoelige klap útdield oan de Fryske keunst en kultuer. Dat docht bliken út petearen dy't Omrop Fryslân hie mei minsken út de sektor en in peiling dy't de Omrop hâlde ûnder in pear hûndert kultuermakkers yn ús provinsje. Oan it begjin fan it nije kulturele seizoen makket Omrop Fryslân de balâns op.

Troch Eva Meesterberends en Wendy Kennedy

Corona lit djippe spoaren nei yn Fryske kultuersektor

It omsetferlies is grut yn de Fryske kulturele sektor, docht út de enkête bliken. 80% fan de ûnderfregen ferliest tusken april en juny fan dit jier in grut part fan de ynkomsten, 65% sels mear as de helte. Omrop Fryslân frege sa'n 600 Fryske kultuermakkers nei har ûnderfiningen mei de coronakrisis, de maatregels en hoe't se har wurk en de takomst sjogge. Ungefear in fjirde fan de ûnderfregen wurke mei oan it ûndersyk.

Ek foar de lêste twa fearnsjierren fan 2020 jildt nammentlik dat likernôch de helte fan de makkers tinkt dat de ynkomsten op syn minst mei de helte minder wurde sille. Dat jildt foar likegoed ZZP'ers as ynstellingen en foar ferskillende dissiplinen. Fan teäter oant dûns en byldzjende keunst; elkenien wurdt rekke. Op 1 juny mochten teäters en musea wer iepen, mar dat brocht amper ferlichting.

Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer Wendy Kennedy oer de nuodlike tastân yn de kulturele sektor

In protte fan de ûnderfregen dy't de enkête ynfollen, krije stipe fan de oerheid, bygelyks yn de foarm fan de TOZO (Tijdelijke Overbruggingsregeling Zelfstandig Ondernemers) en de NOW (Tijdelijke Noodmaatregel Overbrugging voor Werkgelegenheid). In flink part fan de Fryske kultuersektor leit oan it ynfús fan de lanlike oerheid, mar sels mei dy stipe is it dreech om de holle boppe wetter te hâlden. Boppedat rinne dizze stipemaatregels mar oant 1 oktober.

Miljoenen yn de min

Inkeld al yn 2020 tinke de befrege ynstellingen 6 miljoen euro mis te rinnen. Under de 150 dielnimmers oan de enkête fan de Omrop binne 24 minsken dy't dy ynfollen út namme fan in ynstelling, lykas in museum, festival of in teäter. Mei-inoar tinke se dat se - dit jier allinne al - 5,7 miljoen euro oan ynkomsten misrinne. Yn de praktyk sil dit bedrach foar de hiele Fryske sektor folle heger lizze om't net elke ynstelling de enkête ynfolle hat.

Foto: Omrop Fryslân

Foar it ta stân kommen fan dit ferhaal is in enkête hâlden ûnder Fryske kultuermakkers. Goed 600 minsken binne frege om dizze fragelist yn te foljen. 146 minsken follen dy yn. In represintative stekproef is it dêrmei net, mar de antwurden jouwe ús in yndruk fan de gefolgen fan de coronakrisis en de maatregels dy't kultuermakkers yn Fryslân ûnderfine. Mei tank oan it Fries Sociaal Planbureau foar it advys by it opstellen fan de enkête.

Teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar

As dit noch langer duorret dan hat dit grutte gefolgen tinke Titia Huisman fan teäter De Koornbeurs yn Frjentsjer en Bas Wattimena fan poppoadium Iduna yn Drachten. "We hebben zelf becijferd dat we tot 1 januari door kunnen op deze manier, maar daarna zal er toch wat moeten gebeuren", seit Wattimena.

Iduna hat in grutte seal dêr't 600 minsken yn passe, mar mei de 1,5-meterregel kinne der mar 70 yn. "Op deze manier programmeren kan niet uit, dat kost geld", seit Wattimena. It poppoadium lijt dan ek in omsetferlies fan hast 1,5 ton.

Trefwurden: 
kultuer enkête coronafirus
(Advertinsje)
(Advertinsje)