Update: Swimbad De Jouwer wer iepen foar swimlessen - tiisdei besikers wer wolkom

17 aug 2020 - 10:25

Swimbad Swimfun op De Jouwer is moandei fan 15.00 oere ôf wer iepen foar swimlessen. It swimparadys moast moandeitemoarn de doarren slute fanwege in steuring yn it fentilaasjesysteem. Besikers waarden oproppen om net te kommen. Yntusken is de steuring oplost en kinne de swimlessen middeis dochs trochgean. It swimbad is tiisdei wer iepen foar besikers.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Earder dit jier moast Swimfun tolve wiken ticht om't der technysk ûnderhâld dien waard. Yn juny koenen se doe wer besikers ûntfange.

Trefwurden: 
De Jouwer Swimfun swimbad
(Advertinsje)
(Advertinsje)