Kanaal30 en RTV NOF fusearje oer twa wiken

17 aug 2020 - 10:20

De lokale omroppen RTV Kanaal30 en RTV NOF fusearje op 1 septimber dit jier. De plannen om te fusearjen binne der al langer en dy giet oer twa wiken dus yn. De namme fan de nije omrop wurdt RTV NOF.

Foto: Omrop Fryslân

Kanaal30 is de streekomrop fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel, RTV NOF fan Noardeast-Fryslân en Dantumadiel. Se wurkje al sûnt 2013 gear. It ôfrûne healjier is oerlein oer ûnder oare de organisaasje, it bestjoer, de studio's, it media-oanbod, de namme en de takomst. Dêrby binne de 150 meiwurkers ek yn meinaam.

Programmearring en studio's bliuwe

No't de omroppen it oer alles iens binne, hoecht der net mear wachte te wurden, is it idee. Dêrtroch kin de fúzje op 1 septimber al yngean. De programmearring yn beide gebieten bliuwt foarearst sa't dy is. En de studio's yn Burgum en De Westereen bliuwe ek beide yn gebrûk.

Koartlyn makken RTV NOF en Omrop Fryslân bekend dat se mear gearwurkje sille. Sa kinne der trije sjoernalisten yn it gebiet fan RTV NOF oan de slach. Sy kinne troch de fúzje no ek oan it wurk yn Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)