Fryske skoallen begjinne fol goede moed oan it nije skoaljier

17 aug 2020 - 09:00

De simmerfakânsje yn Noard-Nederlân sit der op en dus moatte alle skoalbern moandei foar it earst wer nei skoalle ta. Yn hiel Fryslân iepenen skoallen harren doarren moandeitemoarn wer. Foar middelbere skoallen wie it mar leafst fiif moannen lyn dat de learlingen foar it lêst yn it skoalgebou wienen. It coronafirus soarge der foar dat de doarren yn maart ticht gongen.

Eestroom yn Ljouwert

Ien fan de skoallen dy't moandei de doarren wer iependie, is basisskoalle Eestroom yn Ljouwert. Juf Suzanne van den Beukel stiet foar groep 3 en 4 en hat der wer sin oan. Krekt as foar de simmerfakânsje moatte der hiel wat maatregels naam wurde om coronabesmettings foar te kommen. "Kinderen moeten iedere keer de handen wassen", fertelt Van den Beukel. "Leerlingen vonden dat in het begin vreemd, maar na een paar weken slijt dat er wel in. De kinderen zijn dat inmiddels wel gewend."

Kalm oan begjinne

In soad stiet der moarndei noch net op it programma, wit de juf. "We starten vandaag met korte kleine lesjes, zodat vooral groep 3 even kan wennen. En groep 4 start met werken met de tablet, dus dat is ook nieuw. Dat vind ik zelf ook best spannend, maar ik vind het fijn om alle kinderen weer te zien." Ek de bern ha der sin oan. Se binne fleurich ferklaaid op de earste skoaldei.

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort sjocht by Eestroom yn Ljouwert

Basisskoalle De Legeaën

In bysûndere dei is it ek foar de learlingen fan basisskoalle De Legeaën yn Sibrandabuorren. De bern gean net allinnich nei seis wiken fakânsje wer nei skoalle, se sitte fan moandei ôf ek nochris yn in nij gebou. Dat gebou makket diel út fan in IKC, in integraal kindcentrum. Dat betsjut dat ek oare tsjinsten, sa as de berne-opfang yn dat gebou sitte.

Griene mienskipsskoalle

Bern, masters en juffers hawwe yn de oanrin nei de nije skoalle meitocht oer it ûntwerp foar de nije skoalle. Sa is der bygelyks in teäter op it skoalplein. "We willen een mienskipsskoalle zijn voor de omgeving, waar iedereen terecht kan", fertelt Piet Massolt, direkteur fan de nije skoalle. "De hele regio kan gebruik maken van dit theater." Boppedat is it skoalplein hiel grien. "We krijgen een pannakooi van wilgentenen", jout Massolt as foarbyld.

Gjin ynternet

Dêr't de bern ôfrûne wike noch hearlik fakânsje hienen, stutsen alle masters en juffers de hannen al flink út 'e mouwen. "We hebben de laatste week hard gewerkt om alles op tijd klaar te krijgen voor de eerste schooldag", fertelt de direkteur. "Alles is klaar. We hebben alleen de pech dat we de eerste drie weken geen internetverbinding hebben. Bijzonder voor een digitale school. Maar ook daar hebben we iets op verzonnen", laket er.

Alle bern kinne moandei it nije skoalgebou besjen. Heiten en memmen meie lykwols net nei binnen fanwege de coronabesmettings. Sy meie troch it raam koekeloere hoe't it wurden is.

Foto: De Legeaën

Direkteur Piet Massolt

(advertinsje)
(advertinsje)