Kollum: "Skuor dy ôf"

17 aug 2020 - 08:18

"Mei it gleonhite waar ôfrûne wike socht hiel Nederlân ferkuolling op, meastentiids troch nei it strân te gean. Yn ferneamde badplakken lykas Bloemendaal aan Zee en Zandvoort wie it smoardrok. Sa drok dat boargemasters it strân somtiden al foar tolven middeis ticht smite moasten. De oplossing foar al dy minsken dy't beteutere noch yn de strânfile stienen? It naaktstrand. Wêr't it dêr gewoanwei rêstich is, koest der no oer de bleate konten wol rinne.

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

'Nood breekt wet', sizze se dan. Samar ynienen lieten wy ús skamte achter ús en sochten wat ûnwennich it naaktstrand op. Ik tink dat dizze ûntbleating foar hiel wat minsken geweldich west hat. Se ûntdutsen lang om let dat yn de bleate kont swimme in stik lekkerder is as yn in bikini of swimbroek. Wa't dat noch noait besocht hat: besykje it mar ris. Wolst noait wer oars.

Ik ha by ús thús de ôfrûne wike hast de hiele tiid yn de bleate kont omhipt. Yn de achtertún fansels, want o wee as de buorlju it sjogge. Net dat soks my in hiele bulte skele kin, mar it mei net. Fan de wet net. Op neaken wêze yn de publike romte stiet in boete. En publike romte is ek dyn eigen hiem. Of better sein: alle plakken dêr't in oar dy mooglik sjen kin yn de bleate kont.

Fan naaktlopers wit ik dat soks ferbean is. En dat begryp ik ek hiel goed. Net ien sit der op te wachtsjen dat der samar in keardel foar dy stiet om syn saakje sjen te litten. Mar thús yn de tún kinst dus ek in boete krije foar naaktlopen. En dat wist ik net. Sterker noch: ik fyn it ûnsin.

En dêr bliuwt it net by, want ek foar seks op dyn eigen hiem kinst in bon krije. Dochst it mei it waarme waar bûten, dan mei soks allinnich op plakken dêr't net ien jim sjen kin. Dat jildt ek foar binnendoar sekse. Lokket nei it ôfwaskjen de keukentafel, dan moatte earst de lamellen ticht. Want o wee as buorfrou it sjocht. Dy mei de plysje belje.

Sokke buorlju skine der te bestean. Doe't ik it mei in freon oer myn ûnbegrip oer boppesteande wet- en regeljouwing hie, fertelde er in ferhaal oer de soan fan in kollega fan him. Dy lei mei it waarme waar op de bank doe't heit en mem net thús wienen. Fielst 'm wol oankommen: hy pakte dizze kâns mei beide hannen oan en naam efkes de tiid foar himsels.

En dat seach de buorman. Gewoanwei soest sizze: soks kin dy de broek dochs net bolje, mar dizze buorman hie der wol lêst fan. Dus dy die in melding by de plysje.

Hoe't it krekt gong is, is net alhiel bekend, mar dizze soan waard eintsjebeslút traktearre op in bon en hat no in finkje achter syn namme as dieder fan in strafber feit. Fuort dream om yn it ûnderwiis oan de slach te gean. Bizar ast der oer neitinkst. Te gek foar wurden ast it my fregest. Foar sa'n buorman ha ik mar ien advys. Fint, skuor dy ôf."

(advertinsje)
(advertinsje)