Stoarmskea yn Fryslân falt ta - wettersporters wol yn 'e problemen

17 aug 2020 - 07:30

It liket ta te fallen mei de stoarmskea yn Fryslân nei it needwaar sneintejûn. Benammen wettersporters hiene lêst fan it stoarmwaar. By Terherne, Heech, Ealahuzen en Sânfurd kamen boaten yn de problemen. Op 'e Iselmar by Koarnwertersân bedarre in skip op in sânbank. De KNRM hat it skip nei De Lemmer sleept.

Yn in wenning oan de Rembrandtdwersstrjitte yn Ljouwert ûntstie troch de stoarm lekkaazje. De brânwacht hat de stroom ôfsluten om risiko's foar te kommen. Moandei wurdt sjoen hoe't dit probleem fierder oplost wurde moat.

Yn de omkriten fan Haskerhoarne, Reahel en Rotsterhaule wie yn de nacht fan snein op moandei in stroomsteuring.

Oerterp - Foto: Willy Wilpstra
Trefwurden: 
stoarmskea wettersport
(advertinsje)
(advertinsje)