Gerdinen Gerard Reve ferwurke ta mûlkapkes tsjin corona

17 aug 2020 - 07:30

In mûlkapke makke fan de gerdinen fan skriuwer Gerard Reve. Wa't belangstelling hat foar dit bysûndere kollektorsitem kin telâne by Hendrik van Manen, de eardere partner fan Gerard Reve. Van Manen, better bekend as Woelrat, hat de mûlkapkes makke. Op de gerdinen steane teksten fan Reve en se hongen earder ûnder oare yn syn hûs yn Greonterp.

Yn totaal binne der sa'n 20 mûlkapkes makke en se binne perfoarst net goedkeap. Der moat hast 50 euro foar betelle wurde. Neffens Van Manen krije minsken dan ek wol echt wat hiel bysûnders yn hannen. "Deze gordijnen heeft Reve zelf nog op zijn moeders naaimachine gemaakt. En ze zijn altijd meeverhuisd van het ene huis naar het andere huis."

Soad ynteresse

Neffens Van Manen binne der ek genôch leafhawwers, dy't graach sa'n mûlkapke hawwe wolle. "Zeker weten. Er zijn werkelijk honderdduizenden mensen die nog altijd fan zijn van het werk van Reve. En de eerste mondkapjes zijn dan ook overal ter wereld al besteld."

Wier collectors item

De gerdinen hawwe foar Van Manen wol in emosjonele wearde, mar neffens de âld-partner fan Reve hie de skriuwer it graach sa wollen. "Zo doen we er iets goed mee. En ik denk dat - als onze cultuur blijft bestaan - dat dit dan een echt waardevol collectors item wordt. Het gaat later voor veel geld verkocht worden. Dat weet ik zeker."

Hendrik van Manen oer de bysûndere mûlkapkes

‘Woelrat’ mei it mûlkapke en Hans Wiegel. - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)