Swiere tongerbuien: KNMI jout koade oranje foar Fryslân
It KNMI hat sneintejûn koade oranje ôfjûn foar Fryslân. Sneintejûn en yn de nacht fan snein op moandei lûke swiere tongerbuien oer ús provinsje. Dêrby kinne swiere wynstjitten foarkomme, mei lokaal in soad delslach en sels hagel.
It waarynstitút warskôget foar swiere wynstjitten om de 75 kilometer de oere hinne. Der kinne ek grutte hagelstiennen falle, fan twa oant fjouwer sintimeter yn trochsneed.