Noch fjouwer coronagefallen by Appelhof op Skylge, minsken wiene alwer thús

16 aug 2020 - 16:05

Noch fjouwer minsken, dy't op camping Appelhof op Skylge west ha, binne posityf test op it coronafirus. Dat hat GGD Fryslân sneintemiddei bekend makke. De fjouwer persoanen hawwe har net op it eilân teste litten, mar wiene alwer thús doe't se klachten krigen.

Foto: ProNews

Yn totaal binne no fjirtjin minsken dy't op 'e Appelhof wiene besmet rekke mei it coronafirus.

Wer 157 tests

Ek sneintemiddei kamen wer 157 minsken nei de testlokaasje op Skylge. De útslach fan dizze testen wurdt yn 'e rin fan moandei ferwachte. Ek dan is de testlokaasje fan de GGD iepen, tusken 09.00 en 11.30 oere. Nei moandei wurdt besjoen oft de lokaasje noch langer iepen bliuwt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)