Ferskate sneltsjinsten Harns-Skylge-Flylân útfallen troch steuring

Der binne snein en moandei ferskate ôffearten fan de sneltsjinst fan Rederij Doeksen dy't ferfalle. Neffens de rederij hat dat te krijen mei in technyske steuring. It giet om sneltsjinsten tusken Harns mei Skylge en Flylân.
Sneltsjinst de Koegelwieck © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Dizze ôffearten ferfalle:
Snein 16 augustus:
- Harns - Skylge 19.25 oere
Moandei 17 augustus:
- Skylge - Harns 08.10 oere
- Harns - Flylân 09.25 oere
- Flylân - Harns 10.35 oere
- Harns - Flylân 12.00 oere
- Flylân - Harns 13.15 oere
- Harns - Flylân 14.25 oere
- Flylân - Harns 15.35 oere
- Harns - Flylân 17.00 oere