Haadklassekeatsen foar it earst yn Reduzum: mar kom net mear

Keatsferiening Jan Reitsma yn Reduzum hat snein in primeur: foar it earst wurdt de haadklassepartij foar de manlju yn it doarp spile. Fanwegen it coronafirus hawwe in soad ferieningen wedstriden werom jûn, dat wie foar Jan Reitsma just in kâns om it evenemint nei Reduzum te heljen. Dochs komt foarsitter Sjoerd Hofstee mei in dúdlike oprop: kom net mear. It maksimum oantal taskôgers is al berikt.
© Henk Bootsma
"Wy hawwe it earder al oankundige en ôfsprutsen," seit foarsitter Hofstee. "Dizze wike is der ekstra druk kaam op de coronasituaasje yn Fryslân. It is sa't it is. Dêrom hawwe wy ús dêr ek oan te hâlden. De publike belangstelling wie sa grut dat wy foar 12.00 oere al fol sieten."

Livestream

Dêr is hy eins ek wol oer te sprekken. "It is fansels hartstikke moai dat de minsken hjir hinne wolle. Der stie in wichtige partij op de earste list, dat hat grif ek meiholpen." It partoer Menno van Zwieten, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar stie tsjinoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. "It is net oars. Der sille fêst noch in tal minsken fuortgean, sa't der noch in pear yn kinne. Mar grutte oantallen net mear. Dus wy hawwe sein: besparje de muoite, wy hawwe in livestream fan de heale finale ôf. Dêr kinne jo yn meigenietsje."
Dus fandêr de oprop: bliuw thús. "Spitigernôch is dat sa, wy binne wiis mei de minsken dy't der wol binne. Dy hawwe al wat moais sjoen en sille noch mear moais sjen."
Foarsitter Sjoerd Hofstee fan K.V. Jan Reitsma yn Reduzum