Soad Ynjebetinkingen skrast: mar dy op It Hearrenfean gie noch wol troch

16 aug 2020 - 15:21

De Ynjebetinking op It Hearrenfean luts dit jier mear minsken as oars. Yn totaal kamen der sa'n 100 minsken op de gearkomste op it Gashoudersplein en yn de Trinitastsjerke ôf. De betinking op It Hearrenfean is bysûnder, om't der net in soad betinkingen trochgiene. Der wurdt alle jierren op 15 augustus stil stien by de befrijing fan Nederlânsk-Ynje nei de Japanske kapitulaasje, mar troch it coronafirus waarden eins hast alle betinkingen skrast.

Soad Ynjebetinkingen skrast: mar dy op It Hearrenfean gie noch wol troch

Dat de betinking op It Hearrenfean wol trochgean koe hie neffens de gemeente alles te krijen mei it bysûndere karakter fan dit jier. Net allinnich is de befrijing dit jier 75 jier lyn, mar ek waarden der twa earetekens útrikt oan twa slachtoffers fan de polisjonele aksjes lyk nei de oarloch. Gerrit Vis en Jan Dam kamen dêrby om it libben en sy kamen beide út de omjouwing fan It Hearrenfean.

De dochter fan Jan Dam krijt it eareteken - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)