Soad belangstelling foar betinking Gerard Reve yn Greonterp en Blauhús

De jierlikse betinking fan skriuwer en dichter Gerard Reve (1923-2006) yn Greonterp koe dit jier rekkenje op in soad belangstelling. Al mei al kamen der sa'n 85 minsken op de betinking ôf. In opmerklik heech oantal om't der rekkene wie op in legere opkomst troch de coronamaatregels.
Soad belangstelling foar Reve betinking
De betinking wie yn de Sint-Fitustsjerke yn Blauhús en by de toer fan Greonterp. Reve hat tusken 1964 en 1971 yn Greonterp wenne, yn syn wente 'Huize Het Gras.'

Melde yn 't foar

De minsken dy't komme woene moasten dat dit jier yn 't foar melde. Ek wiene der dit jier gjin bankjes delset om op te sitten mar moasten minsken harren eigen stuollen meinimme. Sa koe der better ofstân bewarre wurde.
Organisator Hester Witteveen wie wiis mei de hege opkomst. "Minsken moasten harren yn it foar opjaan en it wie bêst even spannend of minsken dat ek wol dwaan woene. Mar dat foel bot ta. En ek yn de tsjerke wiene der goeie maatregels nommen sa't de besikers ôfstân hâlde soene. De sitplakken wiene mei giele stickers oanjûn."
Under de besikers wiene ûnder oaren Hans Wiegel en Thierry Baudet.
Soad belangstelling foar betinking Gerard Reve yn Greonterp en Blauhús2