Coronafirus no ek op Flylân: toerist posityf test en fan eilân ôf helle

16 aug 2020 - 11:06

Ek op Flylân is it coronafirus fêststeld by in persoan. It giet om in toerist dy't mei de húshâlding op it eilân wie. De persoan is yntusken fan it eilân ôf helle mei spesjaal ferfier en giet no thús yn isolaasje. De GGD is dwaande mei boarne- en kontaktûndersyk, lit de gemeente witte.

Foto: Shutterstock.com (Mariadouwma)

Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân lit witte dat sy it wol ferwachte hie dat it firus ek it eilân reitsje soe, no't it tal besmettingen yn it lân wer oplôget. "Het was niet de vraag óf het op Vlieland zou komen, maar wannéér. Al is het toch schrikken als het dan daadwerkelijk hier is. Zeker voor de persoon zelf."

Tests by húsdokters

Schokker freget minsken mei klam om harren oan de coronamaatregels te hâlden. Ek op Flylân kinne minsken test wurde, dat wurdt dien troch de húsdokters op it eilân. Dêr kinne ôfspraken makke wurde tusken 8.30 en 10.30 oere. Testen wurde yn de moarntiid ôfnommen om't it nei de fêste wâl oerbrocht wurde moat.

Boargemaster Tineke Schokker fan Flylan

(Advertinsje)
(Advertinsje)