Koade giel yn it hiele lân: Fryslân kâns op tongerbuien en wetteroerlêst

16 aug 2020 - 10:20

It KNMI hat foar it hiele lân koade giel útroppen. Foar Fryslân jildt dat der benammen warskôge wurdt foar tongerbuien nei 15.00 oere. Der is kâns op tongerynslach, hagel en wynstjitten oant 60 km/oere. Dat kin bygelyks hinder opsmite foar it ferkear en foar bûtenaktiviteiten.

Foto: Omrop Fryslân

Waarman Piet Paulusma jout oan dat it grutste part fan de middei noch drûch bliuwe sil, mei ek noch wol efkes sinne. Letter op de middei, mar benammen yn de jûntiid en nacht, nimt de kâns op tongerbuien ta. Dat kinne swiere buien wêze, mei kâns op hagel, wetteroerlêst en swiere wynstjitten. Yn de nacht wurdt it 18 oant 20 graden.

Trefwurden: 
waar tonger koade giel KNMI
(Advertinsje)
(Advertinsje)