Gjin Nationale Fierljep Manifestatie yn It Heidenskip dit jier

16 aug 2020 - 08:51

De Nationale Fierljep Manifestatie is dit jier fan de baan. De NFM soe dit jier op 12 septimber yn It Heidenskip wêze. Mar fanwegen it oprinnende tal coronabesmettingen en it úbliuwen fan ferrommingen hat de organisaasje besletten dat it sportevenemint net trochgiet.

Nationale Fierljep Manifestatie yn It Heidenskip - Foto: Martin de Jong

De NFM-kommisje hat der noch oan tocht om gjin publyk ta te litten en guon njonkenaktiviteiten en it feest te skrassen, mar neffens de organisaasje soe dit in soad ôfbrek dwaan oan de opset fan it fierljepevenemint. Oan de wedstriid dogge ek altyd in soad dielnimmers út oare parten fan it lân mei, dy't dan kampearje yn It Heidenskip. Mar dat soe no net in ferstannich beslút wêze.

Foar de earste kear skrast

De manifestaasje jildt as in soarte iepen NK en as in 'generale repetysje' foar it echte NK. De wedstriden steane los fan de kompetysje yn de provinsje. It hat noch nea earder west dat it evenemint skrast is.

"De NFM commissieleden snappen dat het besluit zowel voor - als tegenstanders zal hebben. Wij zijn van mening dat de gezondheid van onze deelnemers, vrijwilligers en publiek voorop staat. Het spijt ons voor degene die zich weer enorm op deze fantastische fierljepdag heeft verheugd maar hopen jullie volgend jaar weer te zien in It Heidenskip," sa lit de organisaasje witte.

(advertinsje)
(advertinsje)