Gjin besmettingen fêststeld by personiel supermerk Skylge

By de Jumbo-supermerk op Skylge is gjin coronafirus fêststeld. Eigener Willem Mier hat nei woansdei syn personiel teste litten. Op dy dei waarden op camping Appelhof acht besmettingen fêststeld. Der komme geregeld gasten yn de supermerk, dy't op noch gjin tsien minuten rinnen fan de camping leit oan de Formerum. De gemeente Skylge en GGD Fryslân hiene dêrom frege oft it supermerkpersoniel him teste litte woe, om risiko's út te sluten.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Der binne dus gjin nije besmettingen fêststeld. De eigener fan de supermerk is dêr tige wiis mei.