Ysbrand Galama komt werom mei fierljepwinst yn Gryptsjerk

15 aug 2020 - 21:12

Ysbrand Galama fan Warkum hat sneontejûn by it fierljeppen yn Gryptsjerk de deititel pakt. Galama, dy't trije dagen lyn noch bûten de finale stie yn It Heidenskip, kaam sneon kreas werom mei de oerwinning mei in sprong fan 20.59 meter.

Foto: Martin de Jong

Hy bleau dêrmei Bart Helmholt fan Noardburgum foar, dy't einige op 19.92 meter. It tredde plak yn Gryptsjerk gie nei Nard Brandsma fan Warkum mei 19.34 meter. Jan Teade Nauta (18.28) en Age Hulder (17.61) wiene de oare finalisten. Mar net ien koe Galama fan syn fiifde deititel ôf hâlde.

Ysbrand Galama:

Kramer wint mei persoanlik rekôr

By de froulju pakte Tessa Kramer fan It Heidenskip de oerwinning mei in nij persoanlik rekôr. Dat stie sûnt 2010 op 15.39 meter. Mei har nije PR fan 15.88 meter wint sy har earste deititel en bleau se Marrit van der Wal fan It Heidenskip foar (15.49), ien fan de grutte favoriten. Sigrid Bokma fan Hylpen einige as tredde mei 15.12 meter.

Tessa Kramer:

Junioaren

Riemer Durk Krol fan Heech wie mei 18.31 meter (PR) de winner by de junioaren. Dat wie in stik fierder as syn âlde persoanlik rekôr fan 17.77 fan ferline jier. Rutger Haanstra fan It Heidenskip waard twadde (18.04) en de tredde priis gie nei Minne Smit fan Winsum (17.04)

Riemer Durk Krol:

Jeugdtitels

Wisse Broekstra fan Tsjummearum (16.96) pakte de titel by de jonges. Douwe Abma fan De Hommerts pakte it twadde plak mei in kreas nij persoanlik rekôr fan 16.12 meter. De tredde priis gie nei Wytse Steensma fan De Jouwer (15.86)

Hanneke Westert fan Snits wûn by de famkes mei 14.38 meter. Pytrix Westra fan Burgum (14.04) en Inger Haanstra fan It Heidenskip (13.49) makken it poadium kompleet.

(advertinsje)
(advertinsje)