Drokte by Dokterswacht Fryslân: hiel soad telefoantsjes

15 aug 2020 - 19:12

It is sneon tige drok mei telefoantsjes by Dokterswacht Fryslân. Dat soarget derfoar dat minsken in hiel skoft wachtsje moatte foardat se in meiwurker oan de telefoan krije.

Dokterswacht Friesland - Foto: Dokterswacht Friesland

Neffens de Dokterswacht is it sa drok fanwegen de ein fan de simmerfakânsje. Minsken wurde oproppen by net-driuwende klachten op Thuisarts.nl te sjen, of om moandei de eigen húsdokter te beljen.

Wa't de Dokterswacht wol echt berikke moat, kin kontakt opnimme fia 0900-1127112. Yn spoedeaskjende gefallen kinne minsken 112 belje.

(advertinsje)
(advertinsje)