Partoer Sijbrandij wint haadklassepartij yn Wommels

De keatspartij yn Wommels is sneontemiddei in proai wurden foar Nienke Sijbrandij, Manon Scheepstra en Marrit Zeinstra. Yn de finale wûnen sy mei 5-4 6-4 fan Ilse Tuinenga, Margriet Bakker en Sjanet Wijnia, dy't in thúswedstriid spile.
© Sjoerd Dotinga
De lytse preemje gie nei it partoer fan Roelie Kroondijk, Klasine Huistra en Jennie Terpstra. Sy fersloegen Anne-Brecht Bruinsma, Anne Monfils en Marte Altenburg mei 5-4 6-0.
Marte Altenburg, dy't al in jier net mear keatst hie, foel yn by it partoer dat ferline wike noch it bêste wie yn Burchwert. Harmke Siegersma wie der net by fanwegen sûnensklachten.

Blessuere

Sandra Hofstra, út it partoer fan Tineke Dijkstra en Louise Krol, moast al nei twa earsten yn de earste omloop de handoek yn 'e ring smite. De keatster fan Wjelsryp rûn by it kearen fan de bal, in op it each, slimme knibbelblessuere op.