FIDEO: Fierljepwedstriid yn Gryptsjerk

15 aug 2020 - 18:28

De fierljepkompetysje groeit ta nei de klimaks. Yn Gryptsjerk stie de njoggende wedstriid fan yn totaal alve reguliere duels op it programma. Elke ljepper nimt de sân bêste sprongen mei nei it einklassemint, en de sterksten wurde dan selektearre foar it FK yn Winsum.

Besjoch hjirûnder de wedstriid fan sneon werom:

Omrop Fryslân fersoarget dizze simmer alle wykeinen in livestream fan it ljeppen yn de 1e klasse. Alle wedstriden begjinne om 18.30 oere en binne werom te sjen fia Omrop Fryslân YouTube op ús webside en de Omrop-app.

It FK fierljeppen is op 5 septimber yn Winsum en it NK is op 19 septimber yn Burgum. Beide kampioenskippen wurde live útstjoerd troch Omrop Fryslân op telefyzje.

Livestreams fierljeppen

  • Sneon 15 augustus Gryptsjerk
  • Sneon 22 augustus Drylts
Trefwurden: 
fierljeppen Gryptsjerk
(advertinsje)
(advertinsje)