Friese Poort advisearret mei klam mûlkapke op te dwaan yn skoalgebou

ROC Friese Poort advisearret harren studinten en meiwurkers mei klam in mûlkapke op te dwaan as se de skoalgebouwen binnen komme. Dat skriuwt de skoalle op de webside. It mûlkapke wurdt advisearre fan it momint dat de minsken binnen komme, oant dat se te plak binne yn it lokaal.
© Omrop Fryslân, Darshan Boerema
Kommende wike begjinne de lessen wer en de skoalle stelt it mûlkapke ferplichte as der gjin oardel meter ôfstân hâlden wurde kin, bygelyks by guon praktyklessen. Foar dy lessen stelt de skoalle moffen en kapkes ta beskikking.

Kantine bliuwt ticht

Alle fentilaasjesystemen yn de gebouwen binne dizze simmer kontrolearre. De kantine bliuwt ticht, der binne foodtrucks en de konsjerzjes krije CO2-mjitters.